De Stichting Ekspedysje Wytmarsum nimt sûnt 2016 inisjativen ta it opsetten fan allegearre moaie projekten op it mêd fan taal, keunst en kultuer, beweging en sinjouwing. Gearwurking en fernijing stean derby sintraal. Op dizze side fyne jim wat der yn en mei it doap allegearre ta stân kommen is.
Fan 2018 nei 2026
Ien fan ús earste projekten wie it teaterstik ‘Wy jouwe gjin krimp’, dat yn 2018 mei in soad sukses útfierd waard op de pleats fan Reinold en Margreet IJpma. ‘Wat wie dat moai’, hearre wy noch altyd. En no, nei al dy jieren, binne wy wer dwaande in tonielstik op te setten. Mar no net ûnder dak, mar yn de iepen loft, útfiert yn juni 2026 op in moaie lokaasje.
It ferhaal en de rezjy
Tonielskriuwer Eelco Venema sil spesjaal foar ús in nij Frysktalich stik skriuwe. Wy kinne der noch net tefolle oer ferklappe, mar al wol sizze dat it stik draait om de ynfloed fan in iuwenâlde leginde op it hjoeddeiske libben yn ús doarp. De rezjy leit yn hannen fan Sjoerd Blom, dy’t tegearre mei de akteurs dit bysûndere ferhaal ta libben bringe sil.
Workshops foar jong en âld
Yn it hjerst organisearjen wy workshops foar doarpsgenoaten fan alle leeftiiden. Hjirby kinne dielnimmers yn ‘e kunde komme mei aktearje, sang, dûns, en sels fideo en fotografy. Wy hoopje hjirmei net allinne de artistike feardichheden yn ús doarp te fersterkjen, mar ek entûsjasme te wekken foar meidwaan oan dit projekt. Dêrnjonken dogge wy graach in berop op al dy handige en kreative doarpsgenoaten dy, lykas yn 2018, mei har talinten bydrage wolle oan it sukses fan it stik.
Projektgroep
De projektgroep bestiet út Aline Euser (Scheppingsgave), Willem Veninga en Foppe van der Velde (Nij Libben), Corrie Nota en Esther Schippers (Popkoar Wytmarsum), Tineke Algra (tonielferiening Surprise), Henk Jan van Dijk (projektlieder), Menno de Vries, Lisette Visser en Gerke Terpstra (Ekspedysje Wytmarsum) Foar de werving fan fûnsen krije we stipe fan ûnder oare Freek Algra.
Wy hâlde jim op de hichte
Wy sjogge dernei út om tegearre mei it hiele doarp wat hiel bysûnders del te setten. Wy hâlde jimme op de hichte fan de tariedingen. Wolst regearje, hast in fraach? Mail dan iepenloft.wytmarsum@hotmail.com